Brusselsk Haadstedsk Gewest Région de Bruxelles-Capitale (Frânsk) Brussels Hoofdstedelijk Gewest (Nederlânsk) | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | autonome regio |
lân | Belgje |
mienskip | Flaamske Mienskip Frânske Mienskip |
haadplak | Brussel |
grutste plak | Brussel |
gemeenten | 19 |
minister-presidint | Rudi Vervoort (PS) |
feestdei | 8 maaie |
taal | Frânsk Nederlânsk |
sifers | |
ynwennertal | 1.241.175 [1] (01/01/2023) |
oerflak | 162,42 km² [2] |
befolkingstichtens | 7.642 /km² |
oar | |
stifting | 18 juny 1989 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | be.brussels |
It Brusselsk Haadstedsk Gewest (Frânsk: Région de Bruxelles-Capitale, Nederlânsk: Brussels Hoofdstedelijk Gewest), ok Brusselsk Gewest (Frânsk: Région bruxelloise, Nederlânsk: Brussels Gewest) neamd en ornaris Brussel (Frânsk: Bruxelles, Nederlânsk: Brussel) neamd, is sûnt 1989 ien fan de trije gewesten fan Belgje, dy't út 19 gemeenten bestiet wêrûnder de stêd Brussel, de haadstêd fan Belgje. It Brusselsk Haadstedsk Gewest leit yn it midden fan Belgje en is part fan de Flaamske Mienskip en de Frânske Mienskip, dochs is ûnôfhinklik fan it Flaamsk Gewest, dêr't er in enklave yn foarmet, en it Waalsk Gewest.
It Brusselsk Haadstedsk Gewest hat neistenby 1.241.000 ynwenners (2023) [1] op in oerflak fan neistenby 162 km².[2] De Stedsregio Brussel, dy't oer de grinzen fan it gewest rint hat likernôch 1,8 miljoen ynwenners.