Buckinghamshire | ||
![]() | ||
emblemen | ||
![]() ![]() | ||
polityk | ||
soarte gebiet | seremonieel greefskip | |
lân | ![]() | |
lânsdiel | ![]() | |
regio | Súdeast-Ingelân | |
haadplak | Aylesbury | |
grutste plak | Milton Keynes | |
sifers | ||
ynwennertal | 808.666 (2019) | |
oerflak | 1.873,6 km² | |
befolkingstichtens | 431,6 / km² | |
oar | ||
stifting | Iere Midsiuwen | |
tiidsône | UTC | |
simmertiid | UTC +1 | |
koördinaten | 51°50′ N 0°50′ W | |
offisjele webside | ||
www.buckscc.gov.uk |
Buckinghamshire (útspr.: [ˈbʌkɪŋəmʃɪə(ɹ)], likernôch: "bak-king-um-sjea(r)"), ôfkoarte ta Bucks, is in seremonieel greefskip fan Ingelân dat deunby de Britske haadstêd Londen yn 'e regio Súdeast-Ingelân leit. It is ien fan 'e saneamde Home Counties ("Thúsgreefskippen"), dy't grinzgje oan Grut-Londen. Neffens in skatting út 2019 hie Buckinghamshire doe krapoan 809.000 ynwenners. It tradisjonele haadplak fan it greefskip is Aylesbury. It grutste plak is no Milton Keynes. Buckinghamshire is sûnt 1997 opspjalten yn twa selsstannige bestjoerlike distrikten: Buckingham Council en de Borough Milton Keynes. It greefskip sels wurdt no inkeld noch as statistyske ienheid en as geografysk referinsjeramt brûkt.