Buenos Aires | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | Argentynje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.890.151 (2010) | |
Oerflak | 203 km² | |
Befolkingsticht. | 14.000 km² | |
Hichte | 25 m | |
Oar | ||
Stifting | 1536/1580 | |
Tiidsône | ART (UTC-3) | |
Koördinaten | 34° 36' SB, 58° 23' WL | |
Offisjele webside | ||
www.buenosaires.gob.ar |
Buenos Aires (Spaansk foar: moaie loften ek wol geunstige winen) is de haadstêd fan Argentynje. It is ek it ekonomyske en kulturele sintrum fan it lân.
Buenos Aires wurdt sawat folslein omsletten troch de provinsje Buenos Aires, mar makket sels net diel derfan út. De stêd foarmet in federaal distrikt en falt bûten de provinsjale yndieling fan Argentynje.
Troch it grutte tal winkels en boetyks, de arsjitektuer, it kulturele libben, restaurants en har kosmopolityske befolking fan meast Italjaanske, Spaanske, Frânske, Dútske, Ingelske, East-Europeeske, Arabyske en Aziatyske komôf, stiet Buenos Aires ek bekend as it Parys fan it suden. Alhoewol't de stêd in protte fan syn grandeur fan eartiids ferlern hat troch ekonomyske problemen, hat de stêd fan alle Súd-Amearikaanske stêden it meast wei fan in Jeropeeske stêd. De stêd belibbe in gouden tiid tusken 1880 en 1920, doe't Argentynje by de tsien wolfearendste lannen fan de wrâld hearde en Buenos Aires in protte ymmigranten út Jeropa luts.