Buffalo | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 259.384 (2012) | |
Oerflak | 136 km² (ynkl. wetter) 105,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.568,8 / km² | |
Stêdekloft | 1.134.210 (2012) | |
Hichte | 183 m | |
Oar | ||
Stifting | 1801 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 42°54′17″N 78°50′58″W | |
Offisjele webside | ||
www.city-buffalo.com | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Buffalo Erie County en yn 'e steat New York. |
Buffalo is nei de stêd New York de grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat New York. It is fierders ek it haadplak fan Erie County, en leit oan 'e eastlike útein fan 'e Earymar, ien fan 'e Grutte Marren, oan it begjin fan 'e rivier de Niagara, dy't de grins mei Kanada foarmet, lyk foar Fort Erie, yn Ontario, oer. De Niagara streamt fan Buffalo ôf nei it noarden oer de Niagarawetterfallen en dêrmei de Ontariomar yn. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Buffalo doe krapoan 260.000 ynwenners, wylst de stêdekloft mei Buffalo as sintrum, dêr't ek Niagara en Cattaraugus ta hearre, doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken hie.