Bunnik is in plak yn de provinsje Utert en ûnderdiel fan de lykneamde gemeente Bunnik. De kearn hat ûngefear 7.000 ynwenners.
Bunnik leit tichtby in knooppunt fan spoarwegen en snelle ferbinings mei de histoaryske stêd Utert. De Kromme Ryn rint troch it plak. It doarp Bunnik leit oan de N229, hat in ôfslach oan de A12 en in NS-stasjon, Stasjon Bunnik.