Bureau of Alcohol, Tobacco, Firearms and Explosives | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | Bureau of Alcohol, Tobacco, Firearms and Explosives ("Buro foar Alkohol, Tabak, Fjoer- wapens en Eksplosiven") |
ôfkoarting | ATF |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1972 |
falt ûnder | Ministearje fan Justysje |
doel | ● ûndersyk misdriuwen mei fjoerwapens en eksplosiven ● ûndersyk bomoanslaggen ● ûndersyk brânstifting ● regulearring hannel yn fjoerwapens en eksplosiven ● bestriding smokkel fan alkohol en tabak |
sifers | |
leden | < 2.000 |
wurknimmers | 4.770 (2013) |
jierliks budget | $1.152.000.000 (2012) |
oar | |
webside | www.atf.gov |
It Bureau of Alcohol, Tobacco, Firearms and Explosives (Ingelsk foar: "Buro foar Alkohol, Tabak, Fjoerwapens en Eksplosiven"), ornaris bekend as it Bureau of Alcohol, Tobacco and Firearms oftewol ATF, is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't sûnt 2002 ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje is ferantwurdlik foar it ûndersyk nei en it foarkommen fan federale misdriuwen dy't te krijen hawwe mei it yllegaal gebrûk, de yllegale produksje en it yllegaal besit fan fjoerwapens en eksplosiven; foar it ûndersyk nei en foarkommen fan gefallen fan brânstifting en bomoanslaggen; en foar it ûndersyk nei en foarkommen fan it smokkeljen fan alkohol en tabak. It ATF regulearret fierders fia it ôfjaan fan fergunnings de ferkeap, it besit en it ferfier fan fjoerwapens, munysje en eksplosiven yn 'e hannel dy't oer de grinzen fan Amerikaanske steaten hinne giet. By in protte fan syn aktiviteiten wurket it ATF nau gear mei pleatslike en steatlike plysjetsjinsten en/of mei de federale resjerzje FBI.