Buren (gemeente)

Gemeente Buren
Flagge fan de gemeente Buren        Wapen fan de gemeente Buren
(Flagge fan Buren) (Wapen fan Buren)
Lokaasje fan de gemeente Buren
Provinsje Gelderlân
Boargemaster Josan Meijers
Haadplak Maurik
Oerflak
- wetter
142,92 km²
-  9,03 km²
Ynwenners
Ferkearsieren A2 A15 N229 N233 N320 N833 N834 N835
Netnûmer 0344, 0345
Postkoades 4010-4012, 4016, 4020-4021, 4023-4024, 4030-4033, 4110-4112, 4115-4117, 4119
Offisjeel webstee www.buren.nl
Gemeentekaart Buren

Buren is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, mei 27.764 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en mei in oerflak fan 142,93 km² (dêrfan 8,27 km² wetter). De gemeente komt fuort út 'e eardere gemeente mei deselde namme, dy't oant 1978 inkeld út 'e stêd Buren en de doarpen Asch en Erichem bestie. Op 1 jannewaris 1978 waard Buren lykwols gearfoege mei de buorgemeenten Beusichem en Zoelen, mei dêropta in part fan Buurmalsen. De hjoeddeistige gemeente is ûntstien op 1 jannewaris 1999, doe't Buren fúsearre mei de gemeenten Lienden en Maurik. Sûnt dy tiid stiet it gemeentehûs net mear yn Buren, mar yn Maurik.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne