Burgum

Burgum
Burgumer poppestien
Burgumer poppestien
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 9.960 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 11,71 km², wêrfan:
- lân: 10,96 km²
- wetter: 0,76 km²
Befolkingsticht. 884 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 5° 59' E
Lokaasje Burgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Lokaasje Burgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
www.burgum.nl
Kaart
Burgum (Fryslân)
Burgum

Burgum is it haadplak fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It plak leit oan it Prinses Margrietkanaal; nei it wêst giet dat troch de Kromme Ie fierder nei de Wide Ie, nei it easten oer de Grinzer Feart nei de Burgumer Mar. Foar Burgum oer leit oan de súdkant fan it kanaal it doarp Sumar.

Burgumers wurde tradisjoneel útskolden foar 'kowesturten'. Neffens it ferhaal ha de Burgumers dy namme ferstjinne om't der in Burgumer west hat dy't in ofskuorde sturt fan in ko wer oplape troch it ôfskuorde stik der wer mei in spjelde oan fêst te setten.[2]

Under Burgum falt ek it buorskip Noardermar. Oant 1930 hearde ek Burgerheide (tsjintwurdich Noardburgum) by Burgum. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp it Fryske Burgum, derfoar wie dat Bergum.

Burgum hat 9.960 (1 jannewaris 2023)[3] ynwenners.

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. Tietjerksteradeel, Spahr en Ypma, side 364
  3. https://opendata.cbs.nl/statline

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne