C. Hart Merriam | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Clinton Hart Merriam | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 5 desimber 1855 | |
berteplak | New York (New York) | |
stoarn | 19 maart 1942 | |
stjerplak | Berkeley (Kalifornje) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | soölooch, etnograaf, antropolooch, taalkundige | |
aktyf as | publisist | |
jierren aktyf | 1872 – 1942 |
C. Hart Merriam (folút: Clinton Hart Merriam; New York, 5 desimber 1855 – Berkeley, 19 maart 1942) wie in foaroansteand Amerikaansk mammalooch, ornitolooch, entomolooch, ekolooch, etnograaf, antropolooch, taalkundige, geograaf en dokter. Hy kaam út in begoedige maatskiplik fermidden en rekke al op sechstjinjierrige leeftyd belutsen by fjildûndersyk op it mêd fan 'e soölogy. Merriam late in opmerklik libben, mei't er eins trije folslein ferskillende karriêres efterinoar hie.
Earst wied er in súksesfol hûsdokter dy't ferskate medyske ynstruminten útfûn. Doe ûntjoech er him ta biolooch. Yn dat ferbân wurdt Merriam sjoen as de grûnlizzer fan 'e tûke fan 'e soölogy dy't him konsintrearret op 'e sûchdieren en stiet er yn syn heitelân sadwaande bekend as de "Heit fan 'e Mammalogy". Dêrnjonken died er ek ûndersyk nei fûgels, ynsekten en de natoer as gehiel. En doe't er al op jierren begûn te reitsjen, liet er frij hommels syn wurk as biolooch folslein farre om him ynstee ta te lizzen op it bestudearjen en fêstlizzen fan 'e ferdwinende Yndiaanske kultueren en talen fan Kalifornje. Ek hjoed de dei noch wurdt Merriam beskôge as in swiergewicht op al syn stúdzjeterreinen. Ferskate bisten binne nei him ferneamd.