Cannes | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Regio | ![]() Côte d'Azur | |
Departemint | ![]() | |
Arondissemint | ||
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 73.868 (2017) | |
Oerflak | 19,6 km² (eksk. oerflaktewetters) | |
Befolkingsticht. | 3.768,8 / km² | |
Stêdekloft | Nice | |
Hichte | 0,5 m | |
Oar | ||
Stifting | Aldheid | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 43°33′05″N 7°00′46″E | |
Offisjele webside | ||
www.cannes.fr | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Frankryk.
|
Cannes (Frânske útspr.: [kan], likernôch: "kan"; Oksitaansk: Canas, útspr.: ['kanas], likernôch: "ka-nas") is in stêd en gemeente yn súdlik Frankryk. It plak leit likernôch 30 km súdwestlik fan Nice oan 'e Frânske Riviêra, dy't diel útmakket fan 'e Côte d'Azur, de kust fan 'e Middellânske See. Bestjoerlik heart it ta de Frânske regio Provâns-Alpen-Côte d'Azur en ta it Frânske departemint Alpes-Maritimes. Neffens gegevens út 2017 hie Cannes doe krapoan 74.000 ynwenners. De stêd hat in reputaasje as in mondên baaiplak dêr't de superriken gearkomme, en stiet fierders benammen bekend om it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dat der elts jier yn maaie holden wurdt.