Charles DeRudio | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Charles Camillo DeRudio (eins: Carlo Camillo di Rudio) | |
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
berne | 26 augustus 1832 | |
berteplak | Belluno (Eastenryk) | |
stoarn | 1 novimber 1910 | |
stjerplak | Pasadena (Kalifornje) | |
etnisiteit | ![]() | |
reg. identiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1864 – 1866 en 1867 – 1896 | |
yn tsjinst fan | ![]() | |
legerûnderdiel | lânmacht ● ![]() | |
heechste rang | majoar | |
befel | E Komp./Am. 7e Kav.reg. | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Nez Persé-Oarloch | |
treffen(s) | Belis fan Peterburg Slach oan de Little Bighorn |
Charles DeRudio (folút: Charles Camillo DeRudio; Belluno (Keizerryk Eastenryk), 26 augustus 1832 – Pasadena (Kalifornje), 1 novimber 1910) wie in Italjaansk-Amerikaansk militêr dy't syn libben begûn as in Italjaansk ealman yn 'e Feneto, dat doedestiden ta it Keizerryk Eastenryk hearde. Yn 1848 naam er diel oan 'e rebûljes dy't dat jier oeral yn Jeropa plakfûnen en letter rekke er behelle by in gearspanning om 'e Frânske keizer Napoleon III te fermoardzjen. Hy waard feroardiele ta libbenslang, mar ûntsnapte fan Duvelseilân, emigrearre nei Amearika, tsjinne yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, oerlibbe yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en focht neitiid noch yn 'e Nez Persé-Oarloch.