Chef de mission

Chef de mission is de persoan dy't de lieding hat oer in Olympysk en Paralympysk team.

Syn foarnaamste taak is te soargjen foar in optimale tarieding. De Chef de mission is ek de sprekbuis en it boechbyld fan it team en moat soargje foar in sûne sportive sfear en motivaasje.

De chef de mission fan it Nederlânske team wurdt keazen troch it bestjoer fan it NOC*NSF. Foar de Spullen fan 2008 wie dat Charles van Commenée, de technysk direkteur fan it NOC*NSF. Foargongers fan him wiene ûnder oaren Joop Alberda, Peter Vogelzang en Jan Loorbach.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne