Colt .45 (revolver)

Colt .45
algemiene ynformaasje
offisjele namme Colt Single Action Army
oare namme(n) M1873; Peacemaker
nasjonaliteit Amerikaansk
type wapen revolver
tsjinstskiednis
brûkt troch de Feriene Steaten
tsjinstwapen 1872–1892
konflikt(en) Yndiaanske Oarloggen
Spaansk-Am. Oarloch
ûntwerpskiednis
ûntwerper William Mason en
Charles B. Richards
ûntwurpen 1872
fabrikant Colt's Manufacturing Co.
yn produksje 18731941, 19561974
& 1976–no
farianten >30
spesifikaasjes
gewicht 1.048 g (mei 7½ inch-loop)
lingte 27,9 sm (mei 5½ inch-loop)
31,8 sm (mei 7½ inch-loop)

De Colt .45 (de punt stiet foar "kaliber"), offisjeel de Colt Single Action Army (SAA) of de M1873, en byneamd de Peacemaker ("Fredesstifter"), is in ienskots-revolver fan Amerikaanske makkelei, mei in draaiende sylinder dy't seis metalene patroanen tagelyk befetsje kin. Dit wapen waard ûntwurpen troch William Mason en Charles Brinckerhoff Richards foar de Colt's Manufacturing Company fan Samuel Colt, nei't it oktroai op trochboarre revolversylinders foar metalene patroanen fan Smith & Wesson yn 1869 ferrûn wie. De Colt .45 hat in gewicht fan 1.048 g, en in lingte fan 27,9 sm (it model mei de loop fan 5½ inch) of 31,8 sm (it model mei de loop fan 7½ inch). Yn 1872 waard dit ûntwerp fan 'e Colt .45 by oktroai fêstlein, wêrnei't yn 1873 mei massaproduksje úteinset waard. De Colt .45 waard tige by tige populêr en ûntjoech him ta in symboal fan it Wylde Westen.

De Amerikaanske generaal George S. Patton (út 'e Twadde Wrâldoarloch) stie derom bekend dat er altyd twa Colts .45 mei ivoarene kolven by him droech.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne