Conan the Destroyer

Conan the Destroyer
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Richard Fleischer
produsint Raffaella De Laurentiis
senario Stanley Man
basearre op Conan de Barbaar
   fan Robert E. Howard
kamerarezjy Jack Cardiff
muzyk Basil Poledouris
filmstudio Dino De Laurentiis Cinema-
   tografica
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
Grace Jones
Wilt Chamberlain
byrollen Mako Iwamatsu
Tracey Walter
Olivia d'Abo
Sarah Douglas
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Meksiko
premiêre 29 juny 1984
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $18 miljoen
opbringst $26,4 of $31 miljoen (Fer. St.)
filmsearje
filmsearje Conan the Barbarian
● foarich diel Conan the Barbarian

Conan the Destroyer is in Amerikaansk-Meksikaanske fantasy-aventoerefilm út 1984 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Grace Jones en Wilt Chamberlain. De titel betsjut "Conan de Ferneatiger". De film wie it ferfolch op Conan the Barbarian út 1982, en wie krekt as syn foargonger basearre op 'e ferhalen fan Robert E. Howard oer Conan de Barbaar. It ferhaal fan Conan the Destroyer folget Conan as er mei inkele selskipslju troch keninginne Taramis fan Shadizar útstjoert wurdt om foar har de Hoarn fan Dagoth te stellen. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en waard gjin grut kommersjeel súkses. De produksje fan in trêde film yn 'e rige, Conan the Conqueror, rûn mei dêrtroch op 'e non.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne