Connexxion is in Nederlânsk ferfiersbedriuw dat benammen aktyf is as steds- en streekferfierder. It bedriuw wie folslein eigendom fan de Nederlânske steat, fertsjintwurdige troch it Ministearje fan Finansjen, mar is yn 2007 foar 2/3 ferkocht oan in konsortsium fan it Frânske Transdev en Bank Nederlânske Gemeenten (BNG).