Cornelis Pronk (Amsterdam, 1691 - Amsterdam, 1759) wie in Nederlânsk tekener en (miniatuer)skilder.
Cornelis Pronk waard yn 1691 berne as soan fan in menniste nôtkeapman. Neidat er in jier of wat foar syn heit wurke hie gie Pronk, nei advys fan keunstkenner Lambert ten Kate Hermansz yn de lear by Jan van Houten en portretskilder Arnold Boonen. Pronk is benammen bekend wurden troch opmerklike sekuere topografyske tekenings út de earste helte fan de 18e iuw, wêrmei't hy in nije tekenskoalle ynliede. Hy hie learlingen lykas Abraham de Haen, Paulus van Liender en Jan de Beijer en makke yn syn earste perioade in soad tekeningen yn opdracht fan Andries Schoemaker, in lekkenkeapman en amateur-histoarikus wêrmei't hy troch Noard-Hollân, Gelderlân, Oerisel, Drinte en Fryslân luts. Yn Fryslân reizge er ûnder oare yn 1732, 1742 en 1754. Hy wie ek ien fan de wichtichste leveransiers fan de gravueres yn Het Verheerlijkt Nederland, publisearre yn de perioade 1745-1774, fan de útjouwer Isaak Tirion. Troch de reizen en it dêrút fuortkommend topografyske wurk fan Pronk c.s. is tsjintwurdich al ferdwûn erfgoed út de 18e iuw noch bekend. Cornelis Pronk hat dêrneist ek noch in tiid lang ûntwerpen foar Chinoiserie servizen makke.
It Frysk Museum hat in 25-tal pinne-, potlead- en wosken tekeningen.