Cotton Mather (12 febrewaris 1663 - 13 febrewaris 1728) wie in Puriteinsk geastlike en learde. Hy wie sawol yntellektueel as polityk de meast foaroansteande persoan fan de tredde Ingelske kolonistengeneraasje yn Nij-Ingelân. Hy wurdt faak tebinnenbrocht fawege syn rol yn de hekseprosessen fan Salem. Hy wie in soan fan Increase Mather en pakesizzer fan John Cotton en Richard Mather, beide ek foaroansteande puriteinske predikanten.