Dakota-Oarloch fan 1862 (ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)
|
 De oanfal op New Ulm.
|
|
datum: |
17 augustus 1862 – ein septimber 1862
|
plak: |
súdlik Minnesota en de eastlike Dakota's
|
útkomst: |
definitive ûnderwerping fan 'e Eastlike Dakota en deportaasje út Minnesota
|
konfliktpartijen
|
|
befelhawwers
|
|
ferliezen
|
150 deaden 38 lieders ophongen 460 finzenen 300 froulju en bern dea yn kampen
|
77 sneuvele soldaten 450-800 boargerdeaden 107 froulju en bern ûntfierd
|
|
|
|
De Dakota-Oarloch fan 1862, soms ek wol de Oarloch fan Lytse Krie (Little Crow's War) neamd, wie in wapene konflikt yn 'e simmer en it neijier fan 1862, tusken de Feriene Steaten en in diel fan 'e Eastlike Dakota yn it súdwesten fan 'e steat Minnesota. It wie eins gjin oarloch, mar in út need berne opstân, dy't oan tusken de 530 en 880 Amerikanen en 150 Dakota it libben koste, en einige mei de massale eksekúsje troch ophinging fan 38 Dakota-lieders.