Dallas | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ![]() ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.241.162 (2012) | |
Oerflak | 999,3 km² (ynkl. wetter) 881,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.358,2 / km² | |
Stêdekloft | 6.645.678 (2012) | |
Hichte | 131 m | |
Oar | ||
Stifting | 1841 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 32°46′33″N 96°47′48″W | |
Offisjele webside | ||
www.dallascityhall.com | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Dallas yn en bûten Dallas County en yn 'e steat Teksas. |
Dallas is de op twa nei grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Teksas (nei Houston en San Antonio), en de op acht nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten. It foarmet in twillingstêd mei it oangrinzgjende Fort Worth (ûnder de namme Dallas/Fort Worth), en is it haadplak fan Dallas County, mar guon bûtenwiken lizze yn it oanswettende Collins County, Denton County, Kaufman County en Rockwall County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Dallas doe krapoan 1¼ miljoen ynwenners. De stêdekloft dêr't Dallas, Fort Worth, Arlington en oare plakken ta hearre, hie yn 2012 in befolking fan rom 6,6 miljoen minsken, wat it ta de op trije nei grutste agglomeraasje fan it lân makket.
Dallas leit yn it flakke noardeastlike diel fan Teksas, oan 'e rivier de Trinity, in streamke dat te ûndjip is foar skipfeart. Bûten Teksas stiet Dallas benammentlik bekend om 'e tillefyzjesearje Dallas, út 'e tachtiger jierren, en om't it it plak is dêr't yn 1963 de Amerikaanske presidint John F. Kennedy deasketten waard.