Dan Brown | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Daniel Brown | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 juny 1964 | |
berteplak | Ekseter (Nij-Hampshire) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | detektiveromans, skrillers | |
bekendste wurk(en) |
The Da Vinci Code Inferno | |
útjouwer | Luitingh-Sijthoff (yn Nederlân) | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
www.danbrown.com |
Dan Brown (folút: Daniel Brown; Ekseter (Nij-Hampshire), 22 juny 1964), is in Amerikaansk skriuwer fan skrillers. Weromkearende tema's yn syn boeken binne in skatjacht dy't binnen 24 oeren ta in goed ein brocht wurde moat, en fierders kryptology, kaaien, symboalen, koades en gearspanningsteoryen. Brown is fral ferneamd wurden troch syn bestseller The Da Vinci Code, út 2003. Syn boeken binne oerset yn 53 talen en der wiene oant en mei 2012 al mear as 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Trije fan syn romans binne ferfilme yn it ramt fan 'e Robert Langdon-filmsearje, te witten: The Da Vinci Code, Angels & Demons en Inferno.