De Froulju fan Trakhis | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Τραχίνιαι | |
auteur | Sofoklês | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | <442 f.Kr. | |
1e opfiering | 4?? f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Froulju fan Trakhis | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Froulju fan Trakhis, yn it oarspronklike Aldgryksk: Τραχίνιαι, Trachiniai, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet oer hoe't Heraklês, de held en healgod út 'e Grykske mytology, oan syn ein komt troch tadwaan fan syn eigen frou. It is ûnbekend wannear't Sofoklês dit toanielstik krekt skreaun hat, al moat dat foàr it jier 442 f.Kr. west hawwe. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma datearret fan 1991.