De Lemmer | ||
![]() | ||
Koartestreek mei Tsjerke oan it Dok | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.370 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 22,58 km², wêrfan: lân: 19,22 km² wetter: 3,36 km² | |
Befolkingsticht. | 540 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 N359 | |
Postkoade | 8530-8532 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 50' N 5° 42' E | |
Offisjele webside | ||
Nijs fan De Lemmer | ||
Kaart | ||
De Lemmer is in plak (flekke) yn de gemeente De Fryske Marren en wie it haadplak fan de eardere gemeente Lemsterlân. It is ien fan de drokste wettersportplakken fan Fryslân. De flekke hat 10.370 ynwenners (1 jannewaris 2023). De Lemmer hat in sintrumfunksje foar Súdwest-Fryslân en it noardlik part fan Flevolân. Westlik fan de Lemmer begjint it Prinses Margrietkanaal.
Op Teakesyl, goed oardel kilometer westlik fan De Lemmer, stiet it wrâlderfgoed Woudagemaal. Oan de Plattedyk leit dêr ek in joadsk tsjerkhôf.