De Overval is in Nederlânske swart-wytfilm út 1962, produsearre troch Rudolf Meyer en regissearre troch Paul Rotha. It is ien fan de súksesfolste films yn de Nederlânske sinema mei sa'n 1.474.000 besikers.[1] It hat as ynternasjonale titel The Silent Raid.
Lou de Jong skreau it senario op basis fan it Herinneringsalbum dat yn 1945 útkommen wie by de earste betinking fan 'e kreak, de oerfal op 'e Blokhúspoarte yn Ljouwert, in barren dat wol ta de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch rekkene wurdt. Yn WOII wiene wol 80 befrijingsaksjes út finzenissen.