De Sang fan Hiawatha

De Sang fan Hiawatha
algemiene gegevens
oarspr. titel The Song of Hiawatha
auteur Henry Wadsworth Longfellow
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre epos
1e publikaasje 1855
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Sang fen Hiawatha
publikaasje 1904, It Hearrenfean
útjouwer Miedema
oersetter Jan Jelles Hof

De Sang fan Hiawatha, yn it oarspronklike Ingelsk: The Song of Hiawatha, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaanske dichter, skriuwer, oersetter en heechlearaar Henry Wadsworth Longfellow (1807-1882). It is loskes basearre op 'e foarâlderlike leginden fan 'e Odjibwa en oare Yndiaanske folken, kombinearre mei ynspiraasje troch en opboutechnyske eleminten út it Finske Kalevala-epos. Yn sentimint, útsjoch, gedachteguod en withoefolle oare mêden is De Sang fan Hiawatha lykwols tige by tige in produkt fan 'e Amerikaanske romantyske literatuer, ynstee fan dat it de Yndiaanske mûnlinge tradysje of Jeropeeske ynfloeden fertsjintwurdigje soe. It gedicht waard foar it earst útjûn yn 1855, en wie sa súksesfol dat Longfellow berekkene dat er der yn 1857 al 50.000 eksimplaren fan ferkocht hie. It waard fan 1901 oant 1904 yn it Frysk oerset troch Jan Jelles Hof.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne