De Tocht fan de Argonauten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Argonautica | |
auteur | Apolloanius fan Roados | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
skreaun | 3e iuw f.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Tocht fan de Argonauten | |
publikaasje | 2016, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 48 511 |
De Tocht fan de Argonauten, yn it oarspronklike Aldgryksk: de Argonautica, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Aldgrykske skriuwer Apolloanius fan Roados. Dyselde basearre syn wurk op in bekend ferhaal út 'e Grykske mytology. De Tocht fan de Argonauten ferhellet oer de held Jason, dy't der mei it skip de Argo op út tsjocht om it Goudene Flues te bemachtigjen, dat yn in fier lân bewekke wurdt troch in draak dy't nea sliept. It oarspronklike epos datearret út 'e trêde iuw f.Kr. De Fryske fertaling, fan 'e hân fan 'e bekroande oersetter Klaas Bruinsma, ferskynde yn 2016.