De Twadde Trageedzje fan de Faam | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Second Maiden's Tragedy | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1611 | |
1e publikaasje | mooglik pas 1978, Manchester | |
1e opfiering | 1611 |
De Twadde Trageedzje fan de Faam, yn it Ingelsk: The Second Maiden's Tragedy, is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan in manuskript en de oarspronklike titel is ûnbekend. Mei't it hânskrift dat bewarre bleaun is de kopy is dy't nei de sinsuer stjoerd waard, binne ek de oanpassings oerlevere dy't sinsor George Buc deryn oanbrocht hat. De titel dy't no foar it stik brûkt wurdt, is ôfkomstich fan 'e fergunning ta opfiering, efteryn it nammeleaze manuskript, wêryn't Buc it "this second Maiden's Tragedy" ("dizze twadde Trageedzje fan de Faam") neamd, dêrby ferwizend nei The Maid's Tragedy ("De Trageedzje fan de Faam") fan Francis Beaumont en John Fletcher). De Twadde Trageedzje fan de Faam waard skreaun yn 1611 en datselde jiers opfierd troch de King's Men, in bekend teäterselskip, mar foarsafier bekend nea publisearre. It oerlevere manuskript is op 'e noed fan it Britsk Museum te Londen.