De Boarn

De âlde rin fan De Boarn
It Alddjip tuske de Opperhaudmare en Heidehuzen
De Boarn op de hichte fan Beetstersweach
De Boarn yn Aldeboarn (2009)
Keningsdjip by de Lippenhústerbrêge (2009)

De Boarn is in rivier yn Fryslân, dy't rint fan Bakkefean oant Jirnsum. Eartiids rûn De Boarn foarby Raerd dêr't er útkaam yn de Middelsee. De Boarn waard eartiids ek wol Borne, Bornde, Bordine en Burdine neamd. De namme komt wierskynlik fan it wurd 'boarne'.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne