De Fekke Nuet

De Fekke Nuet
algemiene gegevens
oarspr. titel The Taming of the Shrew
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun ±1590-92
1e publikaasje 1594, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fekke Nuet
publikaasje 1959, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

De Fekke Nuet, yn it oarspronklike Ingelsk: The Taming of the Shrew, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't ferhellet oer de hofmakkerij troch de ealman Petruchio fan Katerina, dy't skynber in eigenwize en balstjurrige fekke is. Fanwegen de anty-froulike toansetting fan it stik is it frijwat kontroversjeel, fral by it moderne (lêzers)publyk. Likegoed is it withoefolle kearen adaptearre ta oare media, lykas film, opera en musikal. De meast ferneamde fan dy adaptaasjes binne nei alle gedachten Cole Porter syn musical Kiss Me, Kate út 1948, de ferfilming dêrfan út 1953 en de spylfilm The Taming of the Shrew út 1967, mei yn 'e haadrollen Elizabeth Taylor en Richard Burton. Ek de moderne film 10 Things I Hate About You, út 1999, is loskes op it stik basearre. De Fekke Nuet is foar 't neist skreaun tusken 1590 en 1592, en waard foar it earst publisearre yn 1594. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1959.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne