De Ferlerne Soan fan Londen

De Ferlerne Soan fan Londen
algemiene gegevens
oarspr. titel The London Prodigal
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1591-1603
1e publikaasje 1604, Londen

De Ferlerne Soan fan Londen, yn it Ingelsk: The London Prodigal, is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid. It spilet yn 'e Ingelske haadstêd Londen en ferhellet oer in ferlerne soan dy't komt yn te sjen hoe ferkeard oft er derhinne libbet. It stik is dúdlik basearre op of alteast ynjûn troch it bibelske Ferhaal fan de Ferlerne Soan, in likenis yn it nijtestamintyske Evangeelje fan Lukas (15:11-32). It stik waard foar it earst publisearre yn 1604, mar wannear't it skreaun is, is net alhiel dúdlik. Guon saakkundigen datearje it sa ier as 1591, wylst oaren hawwe wolle dat it krekt foar de útjefte, yn 1603, skreaun is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne