Gemeente De Haach
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Súd-Hollân | ||||||
Boargemaster | Jan van Zanen (VVD) | ||||||
Haadplak | De Haach | ||||||
Oerflak - wetter |
98,20 km² - 15,77 km² | ||||||
Ynwenners | 501.725 | ||||||
Ferkearsieren | Stedsrûtes, A12, A13, A44 | ||||||
Netnûmer | 070, 015 (Ypenburch) | ||||||
Postkoades | 2491-2599 | ||||||
Offisjeel webstee | Offisjele webstee fan de gemeente |
De Haach[1] (Nederlânsk: Den Haag, foarhinne: 's-Gravenhage) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, dêr't it de haadstêd fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2005 468.421 ynwenners en hat in gebiet fan 85,65 km2 (lân). Nei grutte is De Haach de tredde stêd fan Nederlân (efter Amsterdam en Rotterdam), en de stêd is foaral wichtich as machtssintrum; de keninginne, de ministerrie en de Steaten-Generaal (Earste en Twadde Keamer) hawwe dêr har residinsje.