De Trije Musketiers

De Trije Musketiers
"D'Artagnan, Athos, Aramis and Porthos" Fan Maurice Leloir, 1894.
"D'Artagnan, Athos, Aramis and Porthos"
Fan Maurice Leloir, 1894.
algemiene gegevens
oarspr. titel Les Trois Mousquetaires
auteur Alexandre Dumas
taal Frânsk
foarm roman
sjenre aventoereroman
1e publikaasje 1844, as fúljeton

De Trije Musketiers, yn it oarspronklike Frânsk: Les Trois Mousquetaires, is in histoaryske roman fan 'e grutte Frânske skriuwer en toanielskriuwer Alexandre Dumas (1802-1870). It spilet yn 'e santjinde iuw yn it Frankryk fan Loadewyk XIII, en fertelt it ferhaal fan 'e aventoeren fan 'e jongeling D'Artagnan nei't dy syn âldershûs efter him lit om nei Parys ta, dêr't er him by de Musketiers fan 'e Garde oanslute wol. De Trije Musketiers, dat foar it earst publisearre waard as in fúljeton yn 'e krante Le Siècle fan maart oant july 1844, is nei alle gedachten Dumas syn meast ferneamde wurk, dat withoefolle kearen adaptearre is ta oare media. Yn 1985 ferskynde der by de Afûk fan dit ferhaal in Frysktalige bewurking foar jongerein.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne