De Twa Aadlike Neven

De Twa Aadlike Neven
algemiene gegevens
oarspr. titel The Two Noble Kinsmen
auteur William Shakespeare
John Fletcher
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1613 of 1614
1e publikaasje 1634, Londen

De Twa Aadlike Neven, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Noble Kinsmen, is in Ingelsk toanielstik út it begjin fan 'e santjinde iuw, wêrfan't lang ûndúdlik west hat wa't de skriuwer wie. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw is lykwols stadichoan de teory opkommen dat it stik likernôch foar de helte skreaun is troch John Fletcher en foar de oare helte troch William Shakespeare. Tsjintwurdich wurdt dat yn akademyske fermiddens frijwol unanym akseptearre, sadat it stik no ta it wurk fan Shakespeare rekkene wurdt. Om't it yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't Douwe Kalma alle stikken fan Shakespeare yn it Frysk oersette, noch ta de Shakespeariaanske apokrifa hearde, is dit it iennichste toanielstik fan Shakespeare dêr't gjin Fryske fertaling fan bestiet.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne