De Deademars fan Bataan of Bataanske Deademars de fûn yn 1942 op 'e Filipinen plak nei de trije moanne duorjende Slach om Bataan, dy't foar de striid om 'e Filipinen yn 'e Twadde Wrâldoarloch de beskiedende slach wie. Nei de oerjefte fan it Alliearde leger, dat út Amerikaanske en Filipynske troepen bestie, waarden de likernôch 72.000 oant 75.000 kriichsfinzenen twongen om nei de kriichsfinzenekampen te rinnen. De mars fan 101 kilometer tusken Mariveles en Camp O'Donnell waard letter as in Japanske oarlochsmisdie sjoen.
Foar in soad finzenen waarden de fysike mishannelingen troch de troepen fan it Japanske Keizerryk fataal. Unthalzingen, it trochsnijen fan kielen en it samar deasjitten as de kriichsfinzenen foarby rûnen, wiene de meast foarkommende misdieden. Mar ek ferkrêfting, it stekken mei bajonetten, it iepensnijen fan buken, it slaan mei gewearen en it net jaan fan iten en drinken kaam foar. It waard de kriichsfinzenen skraachwurk gund om eefkes út te rêsten op de tocht dy't in wike duorre en mei de tropyske temperatueren foar de kriichsfinzenen moardzjend wie. As immen foel wie men ta de dea feroardiele en dat gau ek as immen syn ûntefredenens utere.
It krekte deadetal as gefolch fan 'e deadetocht is ûnbekend. Der binne histoarisy dy't prate fan 6.000 oant 11.000 slachtoffers. Oaren hawwe berekkene dat sa'n 18.000 kriichsfinzenen de kampen nea berikten.