Deck the Halls (liet)

Deck the Halls
Deck the Halls, spile troch de militêre kapel
fan 'e Amerikaanske Loftmacht.
algemiene ynformaasje
taal Ingelsk
sjenre krystferske
útbrocht 1862
skriuwer Thomas Oliphant
komponist anonym
resultaten
covers Red Hot Chili Peppers,
   SHeDAISY e.o.

Deck the Halls is in tradisjoneel en hiel bekend Ingelsktalich krystliet, besteande út in AABA-opbou. De titel betsjut letterlik: "Fersier de Sealen". De meldij is fan oarsprong Welsk en giet tebek oant de sechstjinde iuw, wylst de hjoeddeistige Ingelske tekst datearret fan 1862. De oarspronklike titel wie Deck the Hall (inkeltal). De meartalsfoarm (Deck the Halls) waard ynsafier bekend foar it earst brûkt yn 1892.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne