Dei fan it Waad

Dei fan it Waad
Dag van het Wad
plak en tiid
lân Nederlân
provinsjes Fryslân
Grinslân
Noard-Hollân
plak ferskaat
datum it lêste wykein yn juny of
   it 1e wykein yn july
bysûnderheden
oanlieding It Waad opnommen op 'e
   Wrâlderfgoedlist fan 'e
   UNESCO
soarte evenemint festival
bestean 2009 – no
offisjele webside
www.dagvanhetwad.nl

De Dei fan it Waad (Nederlânsk en offisjeel: Dag van het Wad) is in festival dat sûnt 2009 elts jier yn it lêste wykein (nettsjinsteande de namme) yn juny of it earste wykein yn july holden wurdt. Dêrby wurdt fierd dat It Waad yn 2009 opnommen waard op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Op 'e dagen (sneon en snein, en faak ek al op freed) fan 'e Dei fan it Waad wurde oeral op It Waad eveneminten organisearre dy't de Waadsee as tema hawwe.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne