D66 | |
---|---|
![]() | |
Partijlieder | Rob Jetten |
Partijfoarsitter | Victor Everhardt |
Oprjochting | 1966 |
Haadsit | De Haach |
Ledetal | 26.285 |
Jongereinorganisaasje | Jonge Democraten |
Rjochting | Midden (ekonomysk) Lofts (sosjaal) |
Ideology | Sosjaalliberalisme, Frijsinnich, sekularisme |
Wittenskiplik buro | Mr. Hans van Mierlo Stichting |
Europeeske fraksje | ALDE |
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan | Liberale Internationale |
Webside | www.d66.nl |
Demokraten 66, Nederlânsk: Democraten 66, koartwei D66, oan 1985 D'66), is in progressyf-liberale partij yn Nederlân. De partij is yn 1966 oprjochte. Ynisjatyfnimmers wienen de sjoernalist Hans van Mierlo en it Amsterdamske VVD-riedslid Hans Gruijters. It wichtichste stânpunt wie it demokratisearjen fan de Nederlânske polityk. De partij die yn 1967 foar it earst mei oan de lanlike ferkiezings en kaam doe mei 7 sitten yn de Twadde Keamer. Dêrnei wienen de ferkiezingsresultaten nochal wikselfallich.