De denaarje[1] wie de sulveren standertmunt fan 'e Romeinske Republyk fanôf syn yntroduksje ûnder de Twadde Punyske Oarloch yn omtrint 211 f.Kr., en teffens fan it Romeinske Ryk oant it regear fan keizer Gordianus III (238-244 n.Kr.), doe't er stadichoan ferfongen waard troch de antoninianus. It wurd 'denaarje' is in ferbastering fan it Latynske denarius, útspr.: [de:'na:rɪ.ʊs], likernôch: "dee-naa-ree-ûs"; meartal: denarii, útspr.: [de:'na:rɪ.i:], likernôch: "dee-naa-ree-ii"). Denarius is wer ôflaat fan it Latynske deni, mei de betsjutting "tsien befetsjend": de wearde fan 'e denaarje wie oarspronklik tsien asses. It symboal foar de denaarje is in X mei in horizontale streek dertrochhinne (Unicode 𐆖 of U+10196). It kin ek werjûn wurde as X̶ (in haadletter X mei in lange kombinearjende hornizontale streek). De namme fan 'e denaarje libbet tsjintwurdich noch fuort yn û.m. de muntienheid dinar en beneamings foar it begryp "jild" yn ferskate talen.