Des Moines | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 206.688 (2012) | |
Oerflak | 213,9 km² (ynkl. wetter) 209,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 971,3 / km² | |
Stêdekloft | 580.255 (2011) | |
Hichte | 291 m | |
Oar | ||
Stifting | 1843 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 41°35′27″N 93°37′15″W | |
Offisjele webside | ||
www.dmgov.org | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Des Moines yn Polk County en yn 'e steat Iowa. |
Des Moines is de haadstêd en de grutste stêd fan 'e midwestlike Amerikaanske steat Iowa. It is ek it haadplak fan Polk County, al leit in lyts stikje fan 'e bûtenwiken yn it oangrinzgjende Warren County. De stêd is ferneamd nei de rivier de Des Moines, dy't troch de Frânsen de Rivière des Moines, de "Mûntserivier", neamd waard. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Des Moines doe krapoan 207.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite derby, kaam it yn 2011 op in befolking fan goed 580.000 minsken út. Des Moines leit yn it hert fan 'e saneamde Nôtgurdle (Corn Belt), in grut lânbougebiet dêr't fan âlds in protte stynske weet en oare nôtsoarten ferboud wurde. Bûten Iowa is de stêd benammen bekend om't de saneamde Iowa caucuses der plakfine; dat binne tradisjoneel de earste ferkiezings yn 'e jierren dat de Feriene Steaten in nije presidint kieze (wat per steat giet).