Dimter (gemeente)

Dimter
Deventer
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
boargemaster Ron König
sifers en geografy
haadplak Dimter
grutste plak Dimter
ynwennertal 103.485 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 787 /km²
oerflak 134,33 km²
● wêrfan lân 130,68 km²
● wêrfan wetter 3,65 km²
tal stêden 1
tal doarpen 5
ferkearsieren Steatsline A,
Spoar fan Apeldoarn nei Dimter,
Spoar fan Dimter nei Almelo,
A1, N337, N344, N348
skiednis
oprjochte 2005
foar 2005 Dimter
Bathmen
oar
netnûmer 0570
postkoade 7400-7438
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Webstee fan de gemeente
Dizze side giet oer gemeente Dimter. Foar de stêd en haadplak fan de gemeente, sjoch: Dimter.

Dimter (Nederlânsk: Deventer) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel mei 103.485 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 134,33 km². Dimter is nei Ynskedee en Swol de tredgrutte gemeente neffens ynwennertal yn Oerisel.

Op 1 jannewaris 2005 fusearre de doetiidske gemeente Dimter mei de gemeente Bathmen. Sûnt 2001 foarmet Dimter mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem, Sutfen en Voorst it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne