Sint-Salvatordom
Dom St. Salvator | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Fulda | |
koördinaten | 50° 33' N 9° 40' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Fulda | |
patroanhillige | Kristus de Ferlosser | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Johann Dientzenhofer | |
boujier | 1704–1712 | |
boustyl | barok | |
Webside | ||
hiemside Fulda | ||
Kaart | ||
De Dom fan Fulda of de Sint-Salvatordom is in eardere kleastertsjerke yn 'e Dútske stêd Fulda. Yn 'e domtsjerke leit it grêf fan 'e apostel Bonifatius en dêrom is de tsjerke in belangrike beafeartstsjerke. De tsjerke waard tusken 1704 en 1712 ûnder foarstabt Adalbert von Schleifras boud en op 15 augustus 1712 oan Kristus Salvator wijd. Ynearsten tsjinne de tsjerke as de abdijtsjerke fan it kleaster Fulda, dat yn 1802 waard ûntbûn, en sûnt 1752 waard de tsjerke de katedraal fan it bisdom Fulda. De domtsjerke foarmet in hichtepunt fan 'e barokke arsjitektuer yn Hessen.