Domtsjerke fan Keulen | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Keulen | |
adres | Domkloster 3 | |
koördinaten | 50° 56' N 6° 57' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Keulen | |
patroanhillige | Petrus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1248-1880 | |
boustyl | gotyk, neogotyk | |
Kaart | ||
De Dom fan Keulen (Dútsk: Kölner Dom; offisjeel: Hohe Domkirche Sankt Petrus) is in goatyske katedrale tsjerke yn it sintrum fan 'e Dútske stêd Keulen. It is de sit fan 'e aartsbiskop fan it aartsbisdom Keulen. De katedraal stiet likernoôch op 250 m ôfstân fan 'e igge fan 'e Ryn oan 'e eardere noardlike Romeinske stedsgrins, fuortby it Hauptbahnhof, de Hohenzollernbrücke, it Museum Ludwig en it Römisch-Germanischen Museum. Fanwegen de skryn mei de reliken fan 'e hillige Trije Keningen is de Dom fan Keulen al iuwenlang in wichtich beafeartsplak foar katoliken.
Mei de bou fan 'e dom waard op 15 augustus 1248 útein set. Iuwenlang wurke men stadich troch oan it projekt, oant de bou healwei de fyftjinde iuw stil kaam te lizzen. Oan 'e hân fan 'e âlde boutekeningen waard it wurk ûnder ynfloed fan 'e Romantyk yn 'e njoggentjinde iuw wer oppakt en yn 1880 einlings en te'n lêsten foltôge. Neitiid wie de katedraal oant 1884 it heechste bouwurk fan 'e wrâld. Mei in hichte fan 157,38 m is de Keulske dom tsjintwurdich noch altiten it op ien nei heechste tsjerkegebou yn Jeropa. Allinnich de munster fan Ulm, wêrfan't de toer yn 1890 ree kaam, is mei in hichte fan 161,53 m noch heger.