Donato Giancola

Donato Giancola
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Donato Giancola
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1967
berteplak Colchester (Fermont)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as yllustrator, boekbânûntwerper
jierren aktyf 1989 – no
prizen   3x Hugo Awards
  1x World Fantasy Awards
18x Chesley Awards
offisjele webside
www.donatoart.com

Donato Giancola (Colchester (Fermont), 1967) is in Amerikaansk yllustrator en boekbânûntwerper fan etnysk Italjaansk komôf. Hy hat him spesjalisearre yn it meitsjen fan keunst dy't heart ta de sjenres fan fantasy en science fiction. Giancola, dy't yn 'e Italjaanske keunstnerstradysje faak inkeld mei syn foarnamme Donato oantsjut wurdt, hat 3 kear in Hugo Award wûn en dêropta in World Fantasy Award en 18 Chesley Awards.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne