Dream Cycle | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | H.P. Lovecraft en oaren | |
taal | Ingelsk | |
foarm | searje koarte ferhalen | |
sjenre | fantasy / horror | |
skreaun | 1918-1932 |
De Dream Cycle (Ingelsk foar "Dreamsyklus") is in rige fan in tweintichtal ûnderling yn ferbân steande koarte ferhalen, in novelle en in roman fan 'e Amerikaanske skriuwer H.P. Lovecraft (1890-1937). De wurken waarden skreaun tusken 1918 en 1932, en kinne yndield wurde by de sjenres horror en fantasy. De Dream Cycle wurdt karakterisearre troch in dúdlike ynfloed fan 'e wurken fan 'e Ierske skriuwer Lord Dunsany, dy't Lovecraft ûntdutsen hie koarte tiid foar't er mei it earste ferhaal fan 'e syklus begûn. De ferhalen spylje harren ôf yn 'e "Dreamelannen" (Dreamelands), in ûnbidich grutte parallelle wrâld dêr't minsken inkeld yngean kinne fia dreamen.