Dugs

In Dug.

Dugs (inkeltal: Dug; útspr.: [ˈdʌɡ]; likernôch: "dak") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja komme fan 'e planeet Malastare, dy't foar it meastepart út woastyn en steppe bestiet. De wrâld wurdt regearre troch de Ried der Dugs, wêrfan't de foarsitter de titel fan "doge" fiert.

Dugs binne maklik werom te kennen oan 'e lange, foarútstykjende snút en noch mear oan it feit dat se rinne op har hannen, wylst har fuotten boppe de grûn hingje en as hannen fungearje. De hûdskleur fan Dugs fariëarret fan pearzich oant readich, wylst guon fan harren in griene hûd hawwe. De foarkant fan harren lichem is faak ljochter fan kleur as de efterkant. Party Dugs krije neigeraden dat se âlder wurde fleizige útgroeisels dy't fan 'e snút delhingje en (foar minsken) de yndruk fan in hingelsnor opwekje. Se hawwe losse hûd by de kiel dy't se fol lucht sûge kinne foar it útbringen fan harren pearrop. Dugs hawwe wetterflugge refleksen, wat harren tige geskikt makket as koereurs.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne