Duisburg

Duisburg
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Sifers
Ynwennertal 495.885 (31 desimber 2020)
Oerflak 232.82 km²
Befolkingstichtens 2.100/km²
Stêdekloft 11.316.429 (Metropoalregio Ryn-Roer)
Hichte 31 m
Oar
Koördinaten 51° 26′ NB, 6° 45′ EL
Webside https://www.duisburg.de/
Lokaasje fan Duisburg yn Noardryn-Westfalen
Utsicht oer it sintrum en easten fan Duisburg
It Stedhûs

Duisburg (útspr.: [ˈdyːsbʊʁk], likernôch: "dúús-boerk") is in kringfrije stêd yn it westen fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit op it plak dêr't de rivier de Roer útmûnet yn de Ryn. Duisburg is ien fan de stêden fan it Roergebiet en is ien fan de grutste stêden dêrfan. De stêd is de 15e stêd yn grutte yn Dútslân.

Yn de Midsiuwen wie Duisburg in frije ryksstêd en in lid fan it ferbûn fan de Hânze. Nei de Yndustriële Revolúsje waard de stêd in grut yndustrysintrum fan izer-, stiel- en gemyske yndustry. Dêrtroch waard de stêd yn de Twadde Wrâldkriich swier bombardearre. Hjoed-de-dei is dêr de grutste binnenhaven fan de wrâld fêstige, 40 kilometer oan havengebiet mei 21 dokken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne