Dynasty

Kening Karel I fan Ingelân mei syn soan, de lettere kening Jakobus II fan Ingelân, twa telgen út 'e Stuart-dynasty.

In dynasty is in rige hearskers út deselde famylje, ornaris yn 'e kontekst fan in feodaal of monargaal systeem, mar soms ek foarkommend yn republiken, dêr't de hearskers (alteast yn namme) troch it elektoraat ta har posysje keazen wurde. In aadlike dynasty wurdt ek wol in hûs neamd. Yn 'e folksmûle wurde fierders ynstee fan it wurd 'dynasty' almeast synonimen brûkt as famylje of clan. Der besteane ferskate soarten dynastyen, lykas erflike dynastyen en reynkarnate dynastyen. Fierders wurdt de term 'dynasty' ek wol yn oerdrachtlike sin brûkt foar machtige famyljes dy't hielendal gjin hearskers yn 'e tradisjonele sin binne. Dynastyen wurde yn 'e historiografy fan bgl. it Keizerryk Sina en de Egyptyske Aldheid brûkt om tiidrekken oan te jaan. Net alle histoaryske hearskers hearden ta in dynasty; guons, lykas kening Aroiald fan 'e Longobarden en keizer Fokas fan it Byzantynske Ryk krigen nea de kâns om in eigen dynasty te stiftsjen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne