Earste Oarder | |
---|---|
ûnderdiel fan Star Wars | |
flagge | wapen |
lokaasje en geografy | |
lokaasje | "yn in Stjerrestelsel fier, fier fuort" |
soarte | separatistyske rompsteat |
polityk | |
steatsfoarm | autokrasy |
steatshaad | opperste lieder |
offisjele taal | Basaalsk (Basic) |
muntienheid | Galaktyske kredyt |
oprjochting | 21 f.Sl.Y. |
opheffing | 35 n.Sl.Y. |
fuortkommen út | Galaktysk Keizerryk |
opgien yn | Galaktyske Republyk |
sifers | |
ynwennertal | tsientallen biljoenen |
diameter | 120.000 ljochtjier[1] |
tal stjerren | ±400 miljard[1] |
tal bewenne planetestelsels |
>3,2 miljard[1] |
De Earste Oarder (Ingelsk: First Order) is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). De Earste Oarder klofte nei de oerwinning fan it Rebelleferbûn yn 'e Galaktyske Boargeroarloch gear út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk. It is in faksistyske diktatuer dy't ek as in separatistysk diel fan 'e Nije Republyk beskôge wurde kin, en dy't as doel hat om 'e Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen en syn hearskippij oer it hiele Stjerrestelsel te fêstigjen. De Star Wars-ferfolchtrilogy beskriuwt de opkomst en ûndergong fan 'e Earste Oarder. Dêrby docht geandewei bliken dat de boasaardige keizer Palpatine, dy't út 'e dea opstien is, it brein efter de hiele organisaasje is.