Easterein

Easterein
Flagge fan Easterein Wapen fan Easterein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Easterein
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2017) 964
Webstee Webstee Easterein
Sicht op de toer
Van Eijsingaleane-Sibadawei
De Martinytsjerke yn Easterein
Kafee en pastorije

Easterein is in Frysk doarp dat midden yn 'e Greidhoeke leit en diel útmakket fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 lei it yn Hinnaarderadiel. It sintrum fan it doarp hat de status fan beskerme doarpsgesicht. Easterein wurdt ek wol it filmdoarp neamd, om't it yn ferskate films as dekôr tsjinne hat. Opfallend yn 'e buorren wiene eartiids de wipbrêgen dy't no ferfongen binne troch fêste stiennen brêgen. Oan de westkant fan it doarp is yn de jierren '90 noch in nijbouwyk komd. Op 1 jannewaris 2017 hie Easterein 964 ynwenners. De plaknamme 'Easterein' is yn 1991 offisjeel yn it Frysk fêststeld.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne