In edelgas, ealgas, of ek wol ynertgas neamd, is in skiekundich elemint út de edelgasgroep fan it periodyk systeem. De oerienkomst fan de eleminten út de edelgasgroep is dat de bûtenste elektroaneskyl alhiel folle is. Bygelyks de skyl fan helium is mei de 1s²-konfiguraasje fol en neon hat in 1s²2s²2p6-konfiguraasje, dêr't de bûtenste (twadde) skyl alhiel folle is.
It gefolch fan it fol sitten fan de bûtenste skyl is dat der gjin enerzjy te winnen is troch bygelyks twa atomen tichte byïnoar te bringen en harren golffunksjes meiïnoar te foegjen. De kofalinsje fan in edelgas is dus 0.