Edmund Izerkant (toanielstik)

Edmund Izerkant
algemiene gegevens
oarspr. titel Edmund Ironside
auteur William Shakespeare?
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1587?
1e opfiering ±1590

Edmund Izerkant, yn it Ingelsk: Edmund Ironside (folút eins: Edmund Ironside, or: War Hath Made All Friends, "Edmund Izerkant, of Oarloch Hat in Elk ta Freon Makke"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat basearre is op it bewâld fan 'e Ingelske kening Edmund II, byneamd Edmund Izerkant, dy't koart regearre yn it jier 1016. It stik waard yn 'e Elizabetaanske Tiid nea publisearre en it is ûnwis wannear't it skreaun is, mar literêr histoarikus Eric Sams datearret it yn 1587. It iennichst bekende manuskript is op 'e noed fan it Britsk Museum.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne